Klidzerak
It Klidzerak is in feart yn de gemeente Opsterlân. De feart rint nei in heakske bocht fan Polder De Klidze nei it eastlik lizzende De Gordyk. Nei de ûndertrochgong by de wei Alde Ie hjit it Klidzerak De Kromten. Foar de heakske bocht hjit it wetter de Nije Feart
De namme Klidzerak jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Klisserak.