Knyptange (ark)
De knyptange is ark dat bestiet út in stielen tange. It kin brûkt wurde om spikers út it hout te lûken. Hy is net bedoeld om der trie en spikers mei troch te knippen, al wurdt dat wol dien.
De maat kin fariëarje fan sawat 150 oant 250 mm lingte. De bek fan de tange bestiet út twa helten en hat in rûne foarm mei wat skerpslipe rânen. De bek heart goed strak op inoar te sluten. Dus mei der gjin romte op de knier sitte. Dizze bek wurdt betsjinne mei de beide poaten.
Om in spiker of triedneil út te lûken set men de bek sa ticht mooglik by it houtoerflak, knypt de bek ticht mei help fan de poaten en brûkt de tange as hefboom. Troch ûnder de bek is stikje tripleks of board te lizzen kin foarkomd wurde dat de ûndergrûn skansearre wurdt.