Koark-klup
In koark-klup (Dútsk: Stopselclub, Stöpselclub, Stopslclub, Stopselklub en Stopselverein) is in sosjale klup yn Dútslân, dêr't de leden fan altyd in koark by har hawwe moatte.[1][2][3]
As leden fan sa'n klup elkoar moetsje, kinne dy fan elkoar easkje harren koark sjen te litten. In lid dy't de koark net toane kin, bygelyks omdat er dy fergetten is, moat in lytse jildboete betelje.[4]
It jild dat de boetes opsmyt wurdt meastal brûkt foar it keapjen fan bier by de folgjende klup gearkomste. In inkele kear stypje koark-klups ek goede doelen.[5][6] Koark-klups hawwe der yn alle gefallen west sûnt de midden fan 'e tweintichste ieu yn de dielsteat Beieren.[7]
Der binne mear as 100 koark-klups yn Beieren.[8]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Stopselclub fan Wikimedia Commons. |