Kuolkast

(Trochferwiisd fan Koelkast)

In kuolkast of iiskast is in apparaat foar it kuolle bewarjen fan iten.

Iepene kuolkast
Amerikaanske commercial foar in elektryske kuolkast út 1926

It grutste part fan in kuolkast hat in temperatuer fan inkele graden Celsius boppe nul. Dat remmet it bedjer fan iten en oare substânsjes sûnder se folle te feroarjen. Foar in langere hâldberheidsperioade is djipfriezen needsaaklik of ien fan de hjirûnder beskreaune bewurkingstechniken.

It yn Europa meast foarkommende type kuolkast is it tafelmodel. Dit is in staande kast, dy't ek ûnder it oanrjocht skood wurde kin, sadanich dat allinnich de foarkant sichtber is. Dy foarkant bestiet út in doar, die meastal nei rjochts iependraait, mar soms kin dit troch de brûker feroare wurde nei links iependraaie. Yn it ynterieur sitte:

  • in kuolelemint, besteande út in metalen kastke (it friesfak, horizontaal boppe-yn) of in al as net sichtbere metalen plaat (horizontaal boppe-yn of fertikaal yn de efterwand sittend), wêrfan de temperatuer ûnder it friespunt hâlden wurdt
  • dêrûnder twa of trije útnimbere plastifisearre izeren rusters of glêzen platen, dy't as skappen tsjinje
  • dêrûnder in glêzen dekplaat
  • dêrûnder ien of twa útnimbere plastik bakken, dy't foar it bewarjen fan grienten brûkt wurde

Oan de efterkant fan de kuolkast, dy't net beklaaid is, sit it feitlike kuolmeganisme.

Twa oare faak foarkommende modellen binne de twadoarskuolkast en de kuolfrieskombinaasje. Dizzen binne in stik heger en befetsje dêrom faak mear skappen en hawwe in aparte seksje foar djipfriezen, faak mei aparte doar en soms mei aparte motor. In kuolfrieskombinaasje hat in aparte termostaat foar it kuol- en it friesgedielte, in twadoarskuolkast brûkt ddeselde termostaat foar beide dielen.

Oare modellen bestaene (bygelyks de sahjitten Amerikaanske kuolkast, in mansheech gefal mei twa doarren neist elkoar en in iisblokjesmasine), mar komme minder faak foar.

De nammen kuolkast en iiskast, komme út de tiid foar de elektryske iiskast. Ek doe waard der wol gebrûk makke fan koel hâlden kasten foar it bewarjen fan itens; de term iiskast waard spesifyk brûkt as dat koel hâlden barde mei it yn de kast setten fan blokken iis, dy't dêrta troch spesjale ferkeapers oan hûs ferkocht waarden.

Mei in kuolkast waard yn it algemien in romte bedoeld dy't op in legere temperatuer brocht wurde koe en hâlden wurde as de omjouwingstemperatuer.

Sommige kuolkasten waarden eartiids dan ek wol iiskast neamd, as se kuolle waarden troch blokken iis dy't troch in iisfabryk levere waarden of út in iiskelder helle waarden. Tsjintwurdich binne de wurden yn praktyske sin synonym, mar it wurd "iiskast" wurdt faker brûkt yn fermiddens dêr't eartiids de iisman oan de doar kaam.

Foar it tiidrek fan de iiskast moasten foar it goed hâlden fan iten oare techniken brûkt wurde lykas wekke, drûgje, pikelje en sûkerje. By dizze techniken waard de groei fan baktearjen remme troch it ferhjitsjen en fakuüm meitsjen (fakumearje), it ûnttrekken fan focht of it tafoegjen fan in soad sâlt of sûker. Dit hie in wiziging fan de smaak, de struktuer en faak ek de kleur ta gefolgen, wat by de kuolkast net sa wie. Charles Tellier ûntwikkele de earste brûkbere kuolling foar libbensmiddels.

De kuolkast sa't wy dy no kenne, kaam foar it earst beskikber yn 1915 yn 'e Feriene Steaten. Mei de ûntwikkeling fan moderne kuoltechniken en de fersprieding fan elektrisiteit koenen iiskasten har eigen kuolsysteem krije en op it ljochtnet oansluten wurde.

 
sirkwy waarmtepomp

It "hert" fan in koelkast is in waarmtepomp: de kuoljende wurking bart troch de ferdamping fan in floeistof, wêrby't ferdampingswaarmte oan de omjouwing (de ferdamper) ûntlutsen wurdt. De damp wurdt yn in kompressor wer gearparse en dêrnei floeiber makke ûnder it frijkommen fan waarmte dy't oan de efterkant fan de kuolkast fia een buizestelsel yn de foarm fan in ruster (de kondinsor) oan de omjouwing ôfjûn wurdt. Yn it earstoan waard as kjeldmiddel ammoniak, sweveldiokside of metylgloaride brûkt, letter fakentiden gloarfluorkoalstofferbinings (CFK's) lykas Freon R-12, R22, R502. Doe't der skealike wurking op de ozonlaach blyjkte is socht om alternativen, en waarden CFK's ûnder ynfloed fan it Montreal-protokol útfasearre. Tsjintwurdich wurde dêrom oare kjeldmiddels brûkt: HFK's (wetterstoffluorkoalstofferbinings) as Suva R-134a en alkanen as propaan. De no noch faak brûkte term "freon" foar kjeldmiddels is sûnt de ynfiering fan de HFK's net langer korrekt.

Oare kuolmetoades

bewurkje seksje

Der is ek in kuolproses te konstruerjen dat op in gas-, spiritus- of piteroalje-branderke wurket (absorbsjekuolling), en dat brûkt wurdt yn situaasjes dêr't gjin elektrisiteit beskikber is, bygelyks yn caravans.

Fierders binne der termo-akûstysk kuolmetoades en stirlingkuollers dêr't tige effisjinte kuolkasten mei te meitsjen binne; dizzen hawwe lykwols noch net folle yngong fûn. Yn it laboratoarium en foar lytse wynkuolkasten en koelboksen wurdt wol gebrûk makke fan it termo-elektrysk effekt (Peltier-effekt of solid state cooling).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: