Kok
In kok (meartal: koks) is immen dy't foar syn berop itensiedt. In froulike kok is in kokkinne. Soms wurde de termen 'kok' en 'sjef' (of sjefkok) as synonym brûkt, mar yn in profesjonele koken betsjutte dy nammen net itselde. In kok hat yn 'e regel in koksoplieding folge, en kin wurkje yn in restaurant, in hotel-restaurant, in bistro, op in skip, yn in kazerne, by in cateringbedriuw, yn in soarchynstelling of yn 'e húshâlding fan in ryk of foaroansteand persoan, lykas (foarhinne) in grutgrûnbesitter of in steatshaad. Yn 'e hoareka hat in kok nea fêste wurktiden, om't men nea wit wannear't der in protte klanten komme en hoelang't dy sitten bliuwe. It berop fan kok omfiemet sadwaande in soad jûns- en wykeinwurk, mei net selden lange wurkdagen. Foarhinne hiet in kok yn oplieding in koksmaat of in koksjonge. Immen sûnder in profesjonele koksoplieding dy't gewoan graach itensiede (of kokkerelje) mei, wurdt wol in amateur-kok neamd.
- Dizze side giet oer it berop kok. Foar oare betsjuttings, sjoch: kok (betsjuttingsside).
Guon bekende koks binne:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|