Mei in kompjûterkloft (Ingelsk computer cloud) wurdt it model beskreaun foar it ynhieren of it brûken op ôfstân fan kompjûterapparatuer, -programmatuer of -ûnthâldkapasiteit. By dy ûnthâldkapasiteit giet it benammen om it bewarjen fan gegevens. Skematysk wurdt binnen in wolkje oanjûn hokker mooglikheden de brûker oanbean wurde. No is it brûken fan rekkenromte op in oar syn rekkenreau al sa âld as it ynternet, ommers foar it ferstjoeren fan e-post of it besykjen fan in webstee lizze jo beslach op rekkenromte fan webtsjinners of bygelyks dy kedizer dy't dat webstee fersoarget. Mar ek de minsken mei minder goede bedoelings brûke kompjûterromte fan oaren, somtiden dy fan jo, it saneamde botnet.

Kompjûterkloft mei in foarbyld fan tsjinsten

Kompjûterkloften yn skiften

bewurkje seksje
  • IaaS (Infrastructure as a Service) –kompjûterkloften biede brûkers tagong ta apparatuer lykas rekkenreauwen, netwurken en ûnthâldkapasiteit (benammen foar it bewarjen fan gegevens). By IaaS stelle de brûkers sels de eigen kompjûterkloft gear. Se binne foar de kar, de ynstallaasje en it funksjonearjen sels ferantwurdlik.
  • PaaS (Platform as a Service) –kompjûterkloften biede brûkers tagong ta programma's, of krekt ta de spesifike stipe nedich foar it draaien fan programma's, dy't rekken- en bewarkapasiteit oanpasse kinne. Mei PaaS meitsje de brûkers eigen tapassings yn programma's dy't oanbean wurde, of litte tapassings útfiere yn in programma-omjouwing sa't dy troch de tsjinstferliener oanbean en ûnderholden wurdt.
  • SaaS (Software as a Service) –kompjûterkoften biede brûkers tagong ta programmasamlings en tapassingsprogramma's. SaaS-tsjinstferlieners biede kar út programma's dy't op harren apparatuer rint. SaaS wurdt ek as Software on demand (Programmatuer nei fraach) oantsjutten.

Krekt as by it brûken fan yngewikkelde bankprodukten, hawwe de brûkers fan ferskate kompjûterkloften faak gjin idee mear wa oan it rekkenreau wurket en wêr't soks plakfynt. Soks kin grutte problemen opsmite foar jo persoanlike gegevens of dy fan jo klanten. De ynfierder fan 'e gegevens hat de soarch foar de privacy.