Kongregaasje
In kongregaasje (fan it Latynske wurd congregare: by inoar bringe) is in organisearre foarm fan in wijd libben yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
Oars as in kleasteroarder is in kongregaasje stifte nei 1550 (tusken it Konsylje fan Trente en foar it Twadde Fatikaanske Konsylje). Dêrnjonken is de klausuer foar de leden minder strang en wurdt besit tastien.
In kongregaasje fan manlju of froulju binne meiïnoar ferbûn troch tydlike of ivige religieuze ûnthjitten. Der binne lykwols ek kongregaasjes mei leden sûnder ûnthjitten. As in kongregaasje foar it measte út preesters bestiet, dan wurdt oer in klerikale of in preesterkongregaasje praat. Sa net, dan is it in bruorrekongregaasje. Preesters fan in kongregaasje wurde paters neamd, net-preesters binne bruorren of susters.
Oarders en kongregaasjes ûnderkiede harren fan inoar troch in eigen foarm fan spiritualiteit, in eigen rigel en in eigen habyt. Yn guon kongregaasjes en parten fan 'e wrâld is it habyt sûnt de jierren 1960 lykwols net mear yn gebrûk.
Kongregaasjes waarden faak oprjochte foar opbouwurk yn it ûnderwiis, de sûnenssoach, de missy en oar sosjaal-maatskiplik wurk. Benammen yn katolike kontrijen leveren de kongregaasjes in wichtige bydrage oan de ûntwikkeling fan in gebiet.
Yn 'e twadde helte fan de 20e iuw hat de oerheid in soad wurk fan de kongregaasjes oernommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|