Konkology

(Trochferwiisd fan Konkologe)

Konkology (ek wol stavere as konchology) is de tûke fan 'e biology dy't him taleit op 'e stúdzje fan skelpen. Om't skelpen oanmakke wurde troch weakdieren, wurdt dizze stúdzje as in subdissipline fan 'e malakology beskôge. It omfiemet sawol de stúdzje fan skelpen fan swietwetter- as dy fan seeweakdieren, en dêropta fan dy fan lânslakken. De namme 'konkology' komt fan it Aldgrykske κόγχος, konchos ("kokkel") en -λογία, -logia ("kunde").

De skelp fan 'e rôze wjukhoarn.

Tsjintwurdich wurdt konkology soms sjoen as in efterhelle stúdzjemêd, om't it misliedend wêze kin om jin te ferlitten op ien ûnderdiel fan 'e morfology fan in organisme. It is lykwols sa dat de foarm fan 'e skelp teminsten in oanwizing jout foar de taksonomyske yndieling fan in weakdier, en histoarysk wiene skelpen ornaris it iennichste diel fan eksoatyske weakdieresoarten dat beskikber wie om te bestudearjen. Sels yn hjoeddeistige museumkolleksjes is it noch hiel normaal dat it hurde materiaal (de skelp) yn grutte fierwei de hoemannichte sêft lichemsweefsel oertreft, dat goed holden wurde moat yn alkohol.

De konkology hâldt him frijwol útslutend dwaande mei fjouwer skiften fan 'e weakdieren, ntl. de slakken (Gastropoda); de twakleppigen (Bivalvia), lykas de moksels en oesters; de toarreslakken (Polyplacophora); en de toskskelpen (Scaphopoda). De inketfisken (Cephalopoda) beskikke (mei útsûndering fan 'e útstoarne Nautiloidea) inkeld oer tige lytse ynterne skelpen, en hawwe dêrom gjin reitsflak mei de konkology.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.