Koudumer Feart
De Koudumer Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Krússleatsbrêge west fan Koudum lâns de jachthaven en de noardkant fan Koudum en de slieperdyk fierder nei it noardeasten om út te rinnen yn de Swarte Wâlde.
De namme Koudumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Koudumer Var.