Krusebruorrekleaster Jeruzalim

(Trochferwiisd fan Krúsbruorrekleaster Jeruzalem)

It Krusebruorrekleaster Jeruzalem, stifte as: Tertaianenkleaster, is in earder kleaster yn de binnenstêd fan Snits.

It gebou fan it kleaster stie op it plak fan it Alde Hospitaalkleaster.

It kleaster is stifte yn 1462 as kleaster fan Tertsianen, mar nei de komst fan de Krúshearen is it nei harren oergien yn 1464. It kleaster waard bewenne troch manlju dy't ta de Tredde oarder fan Sint Fransiskus hearden. Se bouden ek ûnder mear de Lytse Tsjerke (of Bruorretsjerke) fan Snits. It kleaster is yn 1580 mei de reformaasje sluten. Op it stee fan it kleaster waard it Ald Burger Weeshûs stifte, dat it behear krige oer alle besittingen fan it kleaster.

Oan it kleaster herinnert noch de Krusebruorrestrjitte en it hjiroan steande gebou Cuiysebroedershof.