It krúsferwulft wurdt foarme troch twa tonferwulften fan deselde ôfmjittings en likense hichte, dy't inoar snije.

Krúsferwulft

De Romeinen pasten it type ferwulft foar it earst yn harren boukeunst ta. Letter waard it krúsferwulft op grutte skaal yn 'e romaanske tsjerken. It krúsferwulft waard fakentiden tapast om fjouwerkante traveeën te oerspannen.

Mei't de twa tonferwulften inoar heaks snije ûnstiet der in krúsfoarm mei oan de ûnderkant diagonalen, dy't graten neamd wurde. De graten fan in krúsferwulft foarmje in diagonaalbôge. Tusken de graten lizze de ferwulftkappen, dy't by in krúsferwulft noch de dragen eleminten binne. Troch't de kappen by in krúsferwulft tsjin inoar lizze, wurdt de druk opheft en oerbrocht nei in muorre of pylder. Fan it fierder ûntwikkele krúsribferwulft foarmje de ribben de dragende eleminten.

Der binne ek krúsferwulften mei ribben sûnder dat it krúsribferwulften wurde. By krúsferwulften waarden nammentlik somtiden nei de bou ribben as dekoraasje oanbrocht.

It krúsferwulft moat net betiizge wurde mei it kleasterferwulft.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kruisgewelf