Krúsgetalpuzel
In krúsgetalpuzel is in puzel dy ’t kwa struktuer liket op in krúswurdpuzel, mar omskriuwings hat dy ’t bestean út getallen ynstee fan wurden. Yn de lege fekjes moatte losse sifers ynfold wurde. Oanwizings kinne wiskundich wêze ("it sânde prymgetal"), algemiene kennis brûke ("datum fan de Slach by Boksum") of ferwize nei oare oanwizings ("9 fertikaal min 3 horizontaal").
Omskriuwings
bewurkje seksjeDe getallen kinne op ferskate manieren fûn wurde:
- De oanwizing kin it mooglik meitsje om it fereaske getal direkt te finen, troch it brûken fan algemiene kennis (bygelyks "Jier fan de Slach by Boksum") of rekkenkunde (bg. "27 kear 79") of oare wiskundige feiten (bg. "sânde prymgetal")
- De oanwizing kin fereaskje dat rekkene wurde moat mei in oar antwurd of antwurden (bg. "25 horizontaal kear 3" of "9 fertikaal min 3 horizontaal")
- De oanwizing kin mooglike antwurden oanjaan, mar makket it ûnmooglik om it krekte antwurd te jaan sûnder krúsjende getallen te brûken (bg. "in prymgetal")
- It iene antwurd kin op in net-bepaalde manier oan it oare relatearre wurde (bg. "In mearfâld fan 24 fertikaal" of "5 mei de sifers werskikt")
- Guon omskriuwings kinne hielendal gjin oanwizing ha, of ferwize nei in oare oanwizing (bg. 7 fertikaal kin oanjûn wurde as "Sjoch 13 omleech" as by 13 nei ûnderen stiet "7 omleech plus 5")
- Fermeldingen kinne groepearre wurde foar oanwizingsdoeleinen, bygelyks "1 fertikaal, 12 fertikaal en 17 fertikaal befetsje mei-inoar alle sifers, útsein 0".
- Sommige krúsgetalpuzels brûke in algebrayske oanwizing, wêrby 't ferskate letters ûnbekende wearden oannimme (bg. "A - 2B, wêrby ’t A en B beide fan te foaren net bekend binne)
- In oar spesjaal type puzel makket gebrûk fan in sitewaasje út de echte wrâld, lykas in famyljereiske, en basearret de measte oanwizings hjirop (bg. "Tiid dy ’t nedich is om van Akkrum nei Boarn te reizgjen")
Krúsgetalpuzels dy ’t meastal it earste type oanwizing brûke, kinne foar edukative doeleinen brûkt wurde, mar de measte entûsjastelingen fine wol dat dit type oanwizing eins selden of hielendal net brûkt wurde moat. Sûnder dit type kin in krúsgetalpuzel op it earste each ûnmooglik op te lossen lykje, omdat der blykber gjin antwurd ynfold wurde kin foardat der earst in oare fûn is, wat sûnder it earste type oanwizing ûnmooglik liket. At lykwols in oare oanpak keazen wurdt, wêrby ’t men, ynstee fan te besykjen folsleine antwurden te finen (lykas by in krúswurdpuzel) stadichoan de mooglikheden foar losse fekjes (of, yn sommige gefallen, hiele antwurden) beheint, dan wurdt it probleem lytser. Bygelyks, as 12 horizontaal en 7 nei ûnderen beide trije sifers ha en de oanwizing foar 12 horizontaal is "7 fertikaal kear 2", kin men útrekkenje dat (i) it lêste sifer fan 12 horizontaal even wêze moat, (ii) it earste sifer fan 7 fertikaal 1, 2, 3 of 4 wêze moat, en (iii) it earste sifer fan 12 horizontaal tusken 2 en 0 lizze moat. (It is in ymplisite regel fan krúsgetalpuzels dat getallen net mei 0 begjinne kinne; sommige puzels steane soks lykwols eksplisyt ta. Troch soksoarte arguminten brûken te bliuwen, kin úteinlik in oplossing fûn wurde. In oare ymplisite regel fan krúsgetalpuzels is dat der net twa antwurden itselde wêze meie (yn krúsgetalpuzels kinne getallen dy ’t begjinne mei 0, 0123 en 123 as ferskillend beskôge wurde).
Populariteit
bewurkje seksjeOmdat der wat wiskundige basiskennis nedich is om krúsgetalpuzels op te lossen, binne se folle minder populêr as krúswurdpuzels. Dêrtroch binne der net folle puzelboekjes mei krúsgetalpuzels útjûn. Dit ferklearret ek wêrom ‘t krúsgetalpuzels minder fêste konvinsjes ha as krúswurdpuzels (benammen kryptogrammen). In útsûndering is it brûken fan de puntkomma (;) om twa rigen getallen oan elkoar te keppeljen, bygelyks 1234; 5678 wurdt 12345678.