Kraantsjekanne
(Trochferwiisd fan Kraantsjepôt)
In kraantsjekanne is in kofjekanne op trije poatsjes mei in kraantsje der oan. Der waard ek wol tee yn setten. De kanne ûntwikkele him yn de 17e iuw. Der besteane kannen fan sulver, messing, tin en ek wol fan keramyk.
Earst hiene de kannen de foarm fan in kegel of par, mar yn it twadde kwart fan de 18e iuw rekke de faasfoarm yn de moade troch de hofstyl fan Loadewyk XIV. Der besteane ek kannen mei mear as ien kraantsje. Faak waarden dy brûkt yn kafees.
Yn it Frysk Museum steane ek sulveren kraantsjekannen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |