Krakeel
Krakeel is in buorskip yn de gemeente Hoogeveen, eartiids in opgeande wei, wêrnei't in wyk yn it eastlik diel fan de stêd Hoogeveen benoarden en westlik fan de Hoogeveensche Vaart neamd waard. Eastlik fan dat kanaal leit noch de âlde bebouwing oan de streekrjochte dyk Krakeel; parallel deroan en súdlik hjirfan de Krakeelske Dyk.
De bebouwing leit bylâns de eardere Krakeelsche Opgaande, ek wol Bentincksdjip. De Krakeelske Dyk - mei tsientallen âlde iken - waard sparre by de stedsútwreiding fan Hoogeveen-Súd. De fraaie leane is no kuierpaad en fytspaad.
Boarnen fermelde: (Het) Krakeel (1845) en Het Krakeel (1899). De betsjutting hjirfan is: fûle, lûde en feninige wurdewikseling; faak gie it hjirby om betwiste stikken grûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |