Kreenk vuur de Twentse Sproak
De Kreenk vuur de Twentse Sproak (foar it gemak meast ôfkoarte ta KTS) is in feriening dy't him dwaande hâldt mei it behâld en befoardering fan de Twintske taal.
Dit docht se ûnder mear troch tsjerkestsjinsten yn it Twintsk te hâlden en troch it opstellen fant Tweants Kwarteerken, in lerige yn en oet Twintsk foar op legere skoallen. Yn it bestjoer sitte Joop Weber, Vera Wiefferink, Harry Groener en Karin Hagreize.
Om de twa jier rikt se de Oanmoedigingspriis út foar lju dy't har drok meitsje foar de twintske taal.
De KVTS-skriuwwize is útbrocht yn it boek Twents, hoo schrief iej dat. Iens yn de safolle tiid komt de Kreenk mei de Bodbreef, in blêd yn it dialekt foar alle leden fan de Kreenk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |