Detektivefiksje

(Trochferwiisd fan Krimy)

Detektivefiksje, faak omskreaun as in detektiveferhaal of in detektiveroman en ek wol koartsein op syn Ingelsk in detective neamd, is in ferhaal wêryn't in detektive in mystearje of misdie oplost. De spanning fan detektivefiksje leit der û.m. yn om it foar de lêzer sa dreech mooglik, mar net hielendal ûnmooglik, te meitsjen de identiteit fan de dieder te ûntraffeljen en/of hoe't de detektive de dieder witte sil te ûntmaskerjen. Faak wurdt in rige detektiveromans wijd oan ien en deselde haadpersoan, dejinge dy't de misdie oplosse moat. Dit kin in priveedetektive wêze, in plysjeresjersjeur of in amateur-ûndersiker. Yn 'e measte gefallen hat in detektiveferhaal de foarm fan in whodunnit: in puzelferhaal wêrby't de lêzer besykje kin om te rieden wa't de dieder is. Fral yn Dútske Krimi-romans wurdt ek wol fan begjin ôf oan man en peard neamd en draait it der dan folslein om hoe't de dieder ûntmaskere wurde sil. Ornaris is de misdie dêr't it allegear om giet in moard, mar soms moat de detektive ek in stellen of ferburgen foarwerp opspoare, lykas in testamint.

Sherlock Holmes, yllustraasje fan it ferhaal The Adventure of the Abbey Grange, 1904