Kristlik-Demokratyske Uny

(Trochferwiisd fan Kristlik Demokratyske Uny)

De Kristlik-Demokratyske Uny (CDU) is in eardere Nederlânse politike partij, dy't oprjochte waard op 11 desimber 1926; it wie in gearfoeging fan inkelde protestantske lofts-pasifistyske groepen. De CDU wie in linkse protestantske partij ûntstien út de restanten fan de yn 1925 hast ferdwûne progressive protestantsk-kristlike partijen, sa as de Kristlik Sosjale Partij (Letter: Protestantske Folkspartij) en Kristlik Demokratyske Federaasje. De foaroanman fan de CDU wie de populêre Harm van Houten.

De earste Twadde Keamerfertsjintwurdiger fan de partij waard yn 1933 keazen en dêrnei bleau der in CDU-fertsjintwurdiging yn de Twadde Keamer, oant de partij op 12 july 1941 troch de Dútske besetter ferbean waard. Fannijs oprjochte yn augustus 1945, is de CDU op 8 febrewaris 1946 opgien yn de Partij fan de Arbeid.

De partij helle yn 't earstoan ien sit by de ferkiezingen, yn 1937 waarden dat twa.

De CDU wie pasifistysk, fersmiet de wapene lânsferdigening en wie poer op it fannijs bewapenjen fan de wrâld tsjin. De partij wie tige sosjaal en hie in protte oanhing ûnder lytse boeren en lânarbeiders (mei troch Harm van Houten). De partij neamde har net sosjalistysk, mar kin ûnder foarbehâld wol ta de sosjalistyske partijen rekkene wurde. De partij kearde har tsjin de polityk fan Hendrik Colijn en tsjin it yndividualisme. De partij wie rjochtsinnich-protestantsk en progressyf-sosjaal.

Nei 2 oktober 1936 wie it lidmaten fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân fanwege de grifformearde synoade ferbean om lid fan de CDU te wêzen.

Yn 1941 waard de partij troch de besetter ferbean, mar libbe dochs wer op nei de befrijing. Op 8 febrewaris 1946 gie de partij op yn de Partij fan de Arbeid, dêr't eardere leden as ds. Jan Buskes en Fedde Schurer fan harren sprekke dienen.

It partijblêd fan de CDU wie De Strijder, sûnt 1937 De Christen-democraat.

  • H.J. Langeveld: Protestants en progressief. De Christelijk-Democratische Unie 1926-1946. Den Haag, 1988 (proefschrift).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Repertorium Kleine Politieke Partijen (www.inghist.nl)
  • Geschiedenis van het socialisme in Nederland (H. de Vos)