Cro-Magnonminske

(Trochferwiisd fan Kro-Magnonminsk)

De Cro-Magnonminske is de beneaming fan in prehistoarysk minske út it Lette Paleolitikum dêr't yn West-Jeropa fossile resten fan fûn binne, û.o. brûk- en sierfoarwerpen fan stien, bonke en ivoar. Dy minske is ferneamd nei har fynplak Abri de Cro-Magnon by Les Eyzies-de-Tayac-Sireuil yn de Frânske Dordonje. Soms wurdt de Cro-Magnonminske oantsjutten mei de selsstannige ûndersoarte Homo sapiens diluvialis of cromagnonensis, mar de measte wittenskippers binne it der oer iens dat de Homo sapiens nea ûndersoarten hân hat en dat de Cro-Magnons "gewoane" moderne minsken wienen.

Holleplasse fan in Cro-Magnonminske
Ark fan de Cro-Magnonminske

Neffens datearrings fan archeologyske fynsten ferskint de Cro-Magnonminske sa om-ende-by 40.000 jier lyn yn Jeropa. De Cro-Magnonminske wie in lettere tiidgenoat fan de Neandertaler. Wêr't hy wei kaam is net bekend. Anatomysk sjoen ferskilt er net fan de moderne minske, mar wol fan de Neandertaler dy't nei syn komst stadichoan seldsumer waard en úteinlik útstjerre soe. Fergelike mei dy wie de Cro-magnonminske wat lichemsbou oangiet behindiger en minder spierd, mar wol langer: trochstrings mjitten wie hy 1,75 m oant 1,80 m. De plassen fan beiden soarten ferskilden ek fan elkoar.

De Cro-Magnonminske is bekend wurden troch fynsten yn ûnder oare Cro-Magnon, Aurignac en La-Madeleine. Hy wie de earste minsk dy't ôfbylden makke. Op rotswanden en yn grotten brocht er skilderings oan fan de bisten dêr't op jeie waard, ûnder oare grut wyld as wolhierige en de wolhierige noashoarn. De ôfbyldings litte sjen dat hy jager wie op grut wyld.

Greffynsten binne û.o. bekend fan Soengir yn Ruslân.

Fersprieding fan de Cro-Magnonminske

bewurkje seksje

De út West-Aazje wei kommende Cro-Magnonminsk hat him relatyf sjoen gau ferspraat oer Noard-Afrika en fia it Heine-Easten oer Jeropa.[1] Yn Jeropa nimme hja it plak oer fan de neadertalers. Allinnich it Ibearysk skiereilân besuden fan de Ebro (de saneamde 'Ebro-swette') hat noch in inkele tûzenen jierren frij west fan de fan de Cro-Magnonminske.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer: Primêre boarne: Fuotnoat:

  1. (in) Currat, Mathias; Excoffier, Laurent. Modern humans did not admix with Neanderthals during their range expansion into Europe. PLoS biology 2 (12) (2004): e421. DOI:10.1371/journal.pbio.0020421 (ISSN 1544-9173) (LCCN 2003-212293 OCLC:52292449)
    De 4 ferspriedingskaarten komme út dat artikel wei.