Kroade
In kroade is in ferfiermiddel mei ien as twa tsjillen en twa hânfetsels, dat troch ien persoan treaun wurde kin.
It gebrûksgemak fan in kroade sit him yn it prinsipe fan de hefearm. De skoarre leit oan de ein by it tsjil. It swiertepunt fan de lading leit koart by dat steunpunt. Fierder fan de skoarre ôf is dêrom mar in relatyf bytsje krêft nedich om de lading te tillen.
Kroaden waarden al yn de Midsiuwen brûkt om swier guod te fersetten. Tsjintwurdich wurdt de kroade fral nog brûkt by it túnkjen, yn de huzebou foar it fersetten fan, bygelyks dong (kret), sân, grutte poarsjes túch as wetter.
Eartiids wienen kroaden fan hout makke; op 't heden binne se meast fan stiel en hawwe sy in tsjil mei luchtbân, de bak kin ek fan keunststof makke wêze.
Figuerlike betsjutting
bewurkje seksjeIt wurd 'kroade' wurdt ek brûkt yn de betsjutting fan foarspraak, en dejinge dy't de foarspraak docht, by it krijen fan bygelyks in baan.
Galery
bewurkje seksje-
Midsiuwske kroaden
-
Ald turfkroade
-
Betonkroade
-
Sineeske kroade
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kroaden fan Wikimedia Commons. |