Kuorbalferiening SC Joure
Kuorbalferiening SC Joure is ûnderdiel fan omnyferiening SC Joure út De Jouwer. Yn 1905 begûn in oantal jonges yn flekke De Jouwer in fuotbalklup mei de namme “Olympia”. Dochs wurdt 20 maart 1920 oanhâlden as oprjochtingsdatum. Op dy dei waard fuotbalferiening “De Kooi” oprjochte. Letter folge in fúzje mei de roomsk-katholike fuotbalferiening “Friso”. Yn 1965 giene beide ferienings fierder ûnder de namme "SC Joure".
Yn 1971 besleaten kuorbalklup “De Jouwer” en SC Joure by elkoar te gean. Dêrom waard Kuorbalklup “De Jouwer” op 24 maaie 1971 opheft. In dei letter waard goedkarring jûn troch de leden en gie SC Joure as Omnyferiening fierder.
Yn 2021 bestiet de kuorbalôfdieling fan SC Joure út de folgende teams:
- 4 senioaren
- 1 junioaren
- 1 aspriranten
- 2 pupillen
- Kangoeroes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|