Kuorker
In kuorker (of, as it om in frou giet, in kuorkster) is ambachtsman dy't foar leafhawwerij of berop kuorren en oanbesibbe foarwerpen lykas flochten fûken flechtet. Kuorkerij of kuorkjen is in tige âld ambacht, dat tsjintwurdich yn 'e Westerske wrâld allinnich noch as hobby of as demonstraasjewurk beoefene wurdt. Yn Fryslân wurde hobbymjittich fral noch wol einekuorren makke. Beropmjittich produsearre kuorren wurde no frijwol sûnder útsûndering ymportearre út ûntwikkelingslannen, dêr't it arbeidsyntinsive wurk folle goedkeaper ferrjochte wurde kin.
Kuorkers wurkje mei in grut ferskaat oan natuerlike materialen, lykas wylgeteannen, rotan, strie of reid. Foarhinne wiene kuorren ûnmisbere gebrûksfoarwerpen yn 'e hûs, mar ek yn 'e lânbou, fiskerij en yndustry. Tsjintwurdich binne dêr plestikkene foarwerpen foar yn 't plak kommen, en hawwe kuorren yn 'e Westerske wrâld foar it meastepart inkeld noch estetyske wearde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|