Kypmantsje
In kypmantsje, ek wol kjipmantsje, wie in rûn weten koekje fan spesjaal pipernutedaai.
Kypmantsjes waarden eartiids benammen yn Drylts en omkriten makke, by spesjale gelegenheden wurde se noch wolris bakt. [1] De rûne koekjes waarden winterdeis ek wol op it iis ferkocht. [2] Ynwenners fan Drylts wurde gauris de gek oanstutsen mei de skel- of spotnamme Dryltser Kypmantsjes. [3]
It krekte eardere resept foar kypmantsjes is yn de rin fan de tiid ferlern gien. Yn 1979 waard by gelegenheid fan de stedsfeesten fan Drylts troch de kulturele ried in bakwedstryd hâlden om in nij resept te betinken. [4]
Namme
bewurkje seksjeIt sûnt july 1969 ferskinende moanneblêd fan de winkeliersferiening hjit ek It Dryltser Kypmantsje. [5] It krantsje ferskynt ek yn Nijesyl en Easthim.[6]
De namme wurdt yn Drylts ek brûkt foar de pleatslike bar. [7]
Sjoch ek
bewurkje seksje- Kypmantsje yn it WFT
- It Kypmantsje, de Trekker trek-trekker fan Cees Sijsling.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |