De Kyzylkum (of Kyzyl Kum; Oezbeeksk: Qizilqum; Kazachsk: Қызылқум, 'read sân') is in sân- en grindwoastyn tusken de rivieren de Amu Darja en Syr Darja, yn Kazachstan, Oezbekistan en in part fan Turkmenistan. De regio is histoarysk bekend mei de namme Transoksanië. [1] Mei in oerflak fan sa'n 298.000 km² is it de op tsien nei grutste woastyn fan de wrâld.

De Kyzylkum, tusken de rivieren Amu Darja en Syr Darjarja

Geografy bewurkje seksje

It gebiet bestiet meast út grutte flakten oant op in hichte fan 300 meter boppe seenivo, mei in tal leegten en stikken heechlân (Sultanuizdag, Bukantau). It gebiet is foar it grutste part oerdutsen mei sândunen (barchans); yn it noardwesten lizze lykwols grutte gebieten dêr't klaai ôfset is (takirs); dêr lizze ek in tal oazes. De doarpen oan de rivieren en yn de oazes wurdt lânbou bedreaun. Temperaturen kinne fan mids-maaie oant mids-septimber bot heech wurde. Yn Kerki, in stêd oan de Amu Darya, waard july 1983 in temperatuer fan 51,7 gr. C metten.

Ekonomy bewurkje seksje

De pleatslike befolking brûkt grutte stikken fan de Kyzyl Kum as weidlân foar har fee (meast skiep, Baktryske kamielen en dromedarisen).

It is al lang witten dat de Kyzyl Kum de metalen goud, uranium, koper, aluminium en sulver hat; fierders sit dêr ierdgas en ierdoalje. De ûntjouwing fan it meast ferneamde goudfjild by Muruntau begûn yn de iere jierren '70 (20e iuw). De sintrums foar mynbou en metaalyndustry yn de regio binne Navoi, Zarafshan en Uchkuduk. De sintrums foar gasproduksje en yndustry anneks binne Gazli en Mubarek.

It lânskip bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mapping Mongolia: Situating Mongolia in the World from Geologic Time to the Present, Paula L.W. Sabloff, s.62