L'Hospitalet de Llobregat
L'Hospitalet de Llobregat is in gemeente mei goed 257.000 iynwenners (sifers 2012), yn de Spaanske regio Kataloanje, yn de provinsje Barselona. De stêd is ien fan de tichtsbefolke stêden fan Spanje en ek fan de hiele Europeeske Uny.
L'Hospitalet de Llobregat | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 257.057 (2012) | |
Oerflak | 12,49 km² | |
Befolkingsticht. | 18.361 / km² | |
Hichte | 8 m | |
Polityk | ||
Lân | Spanje | |
Aut. mienskip | Kataloanje | |
Provinsje | Barcelona | |
Oar | ||
Stifting | 12e iuw | |
Postkoade | 08901 - 08909 | |
Tiidsône | CET UTC+1 | |
Simmertiid | CEST UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
www.l-h.cat |
BeskriuwingBewurkje
L'Hospitalet de Llobregat, gewoanwei yn it koart Hospitalet neamd, leit tusken de rivier de Llobregat en de stêd Barselona. Feitlik is Hospitalet de súdlike tagongpoarte fan Barselona foar treinreizgers en automobilisten. Hospitalet is part fan de metropoal Barselona. De ynwenners fan Barselona kenne Hospitalet benammen fawege de festiging dêre fan in grutte Sweedske wenwinkel. Elts jier yn oktober wurdt yn Hospitalet it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barcelona holden.
DemografyBewurkje
De befolking fan L'Hospitalet bestiet mar foar 45,68% út Katalanen, de oare goed 54% fan de befolking komt of út it bûtenlân (23,76%; fral út Ekwador, de Dominikaanske Republyk en Marokko) of út it oarepart Spanje.

Ynwennertal yn tûzentallen
StedsbyldBewurkje
Berne yn L'Hospitalet de LlobregatBewurkje
- Ferran Adrià (1962), kok
- Enrique De Lucas (1978), fuotballer
- Antoni Soldevilla (1978), fuotballer
- Víctor Valdés (1982), fuotballer
- Jordi Alba (1989), fuotballer
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory L'Hospitalet de Llobregat fan Wikimedia Commons. |