Lâningte fan Korinte
De Lâningte fan Korinte is in lâningte by de stêd Korinte dy’t Peloponnes mei it fêstelân fan Grikelân ferbynt. De lâningte is op it smelste punt 6,3 kilometer breed. Sûnt 1893 rint it Kanaal fan Korinte troch de lâningte, wêrtroch Peloponnes eins in eilân wurden is.
Westlik fan de lâningte leit de Golf fan Korinte, eastlik leit de Golf fan Egina. Skippen dy’t fan Attika nei de Golf fan Korinta farre woenen moasten de omwei om Peloponnes meitsje. Dizze rûte wie net allinnich lang, mar ek gefaarlik. In soad skippen hienen te lijen fan skipbrek op de rotseftige kusten fan de trije kapen yn it suden fan it skiereilân. Al yn de âldheid hie men betocht om in kanaal troch de lâningte te dollen om it probleem op te lossen. Yn de 7e iuw nei Kristus waard begûn mei it dollen fan it kanaal, mar it slagge net troch technyske problemen. Ynstee dêrfan waard in falom makke, yn it Gryksk “diolkos” neamd. De falom lei yn it westen by it plak Poseidonia (no in bûtenwyk fan Korinte), súdlik fan it hjoeddeiske kanaal, en yn it easten by Schinous, noardlik fan it kanaal. By Poseidonia binne noch hieltyd oerbliuwsels fan de falom te sjen. Ek yn de Romeinske Tiid waarden troch Julius Caesar en Tiberius besikings dien troch de lâningte te dollen. It duorre noch oant 1893 foar it Kanaal fan Korinte wier klear wie.
Lâns it kanaal rint in âld stienen paad, dat ea brûkt waard foar it lûken fan skippen. Der binne grutte soargen oer it yn stân hâlden fan it paad. Griken dy’t harren soargen meitsje oer de sitewaasje hawwe de Grykske oerheid frege mear te dwaan om it archeologyske paad te behâlden.
Fan 408 ôf besocht Theodosius II de lâningte ôf te sluten mei in muorre, de Hexamilion, dy’t mei tuskenstoppen ta de ferovering fan it Despotaat Morea yn 1460 fan belang bliuwe soe.
-
De Lâningte fan Korinte
-
It Kanaal fan Korinte
-
Alde kaart fan it Kanaal fan Korinte