Lévi Weemoedt, pseudonym fan Isaäck Jacobus van Wijk (Geldrop / Flaardingen (neffens Weemoedt sels), 22 oktober 1948) is in Nederlânske skriuwer en dichter.

Levi Weemoedt (2019)

Weemoedt studearre Nederlânske taal en letteren oan de universiteit Leien. Hy hat trettjin jier foar de klas stien as learaar Nederlânsk yn Flaardingen. Dêr is er mei ophâlden omdat it him net genôch foldwaning joech. Weemoedt is skriuwer fan tragy-komyske koarte ferhalen en dito gedichten dy't meastal yn en om Vlaardingen spylje. Hy wie ek as meiwurker ferbûn oan it Algemeen Dagblad en publisearre yn literêr tydskrift "Renaissance". Sûnt 1992 wennet er yn Assen.

  • Geduldig lijden (1977)
  • Geen bloemen (1978)
  • Bedroefd maar dankbaar (1980)
  • Zand erover (1981)
  • Van harte beterschap: Kleine trilogie der treurigheid (1982)
  • Een treurige afdronk (1983)
  • Daar komt de bruid... (1985)
  • De ziekte van Lodesteijn (1986)
  • Liedjes van welzijn, volksgezondheid & cultuur (1987)
  • Liefdewerk oud papier (1987)
  • Acte van verlating (1988)
  • De nadagen van Lodesteijn (1990)
  • Halte tranendal (1991)
  • Ken uw klassieken! (1992)
  • Overal wat (1995)
  • Zondagskind (1996)
  • Ons soort mensen (1999)
  • Rijk verleden (1999)
  • Vanaf de dag dat ik mensen zag (2007)
  • Met enige vertraging (2014)
  • Pessimisme kun je leren (2018) (Karlêzing fan Özcan Akyol)
  • De scherven van het geluk (2019)
  • Gezondheid! (2019)
  • It berteplak fan Weemoedt is ûnwis. Sjoch it ferhaal Betrouwbare informatie yn Ons soort mensen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje