Lammert Bouke van der Meer

Lammert Bouke van der Meer (Ljouwert, 1945) is in Nederlânsk klassisist en klassyk archeolooch dy't him spesjalisearre hat yn de etruskology. Hy studearre klassike âldheid en archeology oan de Universiteit fan Grins. Van der Meer is emearitus associate professor Klassike Archeology fan Universiteit Leien.

Van der Meer is in foaroansteande autoriteit op it mêd fan Etruskyske religy. Hy publisearre ferskate boeken en tal fan artikelen oer Etruskyske spegels, de Liber Linteus Zagrabiensis, it levermodel fan Piacenza, urnen út Volterra (dissertaasje), sarkofagen en de Etruskyske kolleksje fan it Ryksmuseum fan Adheden. Hy is teffens lid fan it Istituto Nazionale di Studi Etruschi ed Italici en de fan redaksje fan it archeologysk tydskrift BABesch.

Koarte bibliografy bewurkje seksje

  • Etrusco Ritu. Case studies in Etruscan ritual behaviour (2011)
  • Liber Linteus Zagrabiensis. The linen book of Zagreb. A comment on the longest Etruscan text (2007)
  • Myths and more. On Etruscan stone sarcophagi, ca. 350-200 B.C. (2004)
  • Interpretatio Etrusca. Greek myths on Etruscan mirrors (1995)
  • (mei R.S.P. Beekes), De Etrusken spreken (1991)
  • The bronze liver of Piacenza. Analysis of a polytheistic structure (1987)
  • Corpus speculorum Etruscorum: The Netherlands (1983)
  • Etruscan urns from volterra. Studies on mythological representations (1978) (dissertaasje)
  • (editor) De Etrusken. Inleiding tot de verzameling Etruskische oudheden in het Rijksmuseum van Oudheden te Leiden (1977)

Keppelings om utens bewurkje seksje