Lange ôfstân is in klasse fan ôfstannen by doersporten. By sokke ôfstannen is spilet njonken it effektyf brûken fan de enerzjy ek it doelmjittich brûken fan enerzjy in doel. Immen dy't tefolle enerzjy stekt yn grutte faasje, kin dat net ta de ein folhâlde en stoart yn, wêrtroch de úteinlike prestaasje minder wurdt as by in legere faasje.

By reedriden wurde de 5km en 10km by de manlju beskôge as lange ôfstân, en de 3km en 5km by de froulju.

By hurdrinnen wurde de ôfstannen fan 5km oant en mei de maraton beskôge as lange ôfstân.