De Lange Wyk is in feart yn de gemeente Opsterlân. De Lange Wyk foarmet mei de Koarte Wyk it westlike stik fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart oan de eastkant fan de Gordyk.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme 'Lange Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lange Wijk.