Langeland (gemeente)

Langeland is in Deenske gemeente yn de regio Súd-Denemark, besteande út it eilân Langeland en de lytsere eilannen Strynø en Siø.

Langeland
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Súd-Denemark
boargemaster Tonni Hansen (sûnt 2018)
sifers en geografy
haadplak Rudkøbing
grutste plak Rudkøbing
ynwennertal 12.641 (2018)
oerflak 291,07 km²
skiednis
oprjochte 2007
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.langelandkommune.dk

De gemeente ûntstie as gefolch fan de gemeentlike weryndieling fan 2007 troch in gearfoeging fan de gemeenten Rudkøbing, Sydlangeland en Tranekær. De gemeente Langeland wurket yn in gearwurkingsferbân mei de gemeente Svendborg.

De Langelandsbrêge (Langelandsbroen) ferbynt it eilân mei it eilân Fún. In feartsjinst fersoarget regelmjittige tsjinsten tusken Spodsbjerg op Langeland en Tårs yn de gemeente Lolland.

Grutste plakken fan de gemeente[1]
Nr Plak Ynwenners (2011)
1 Rudkøbing 4.697
2 Tullebølle 797
3 Humble 628
4 Bagenkop 519
5 Lohals 518
6 Snøde 343
7 Lindelse 335
8 Spodsbjerg 216

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: