Laura Alma-Tadema
Laura Theresa Alma-Tadema (berne as Laura Epps, 1852 – Hindhead, 15 augustus 1909) wie in Ingelsk keunstskilderesse en skildersmodel. Hja wie de twadde frou fan keunstskilder Lawrence Alma-Tadema (1836 – 1912). Neidat har man 1899 riddere waard, mocht hja har 'Lady Laura Alma-Tadema' neame.
Biografy
bewurkje seksjeLaura Theresa Epps wie in dochter fan de súksesfolle dokter George Napoleon Epps. Har twa susters wienen ek skilder: Emily studearre by John Brett en Ellen by Ford Madox Brown. Ellen wie troud mei de dichter, skriuwer en kriticus Edmund Gosse en harren suster Louisa wie boaske oan Rowland Hill.[1]
Laura moete desimber 1869 by Ford Madox Brown oan hûs har lettere man foar it earst. Sy wie op dat stuit mar 17 jier; hy wie 33 krekt widner wurden. Lourens rekke fuort en dalik fereale op har en besleat mei om dy reden him mei syn bern en suster yn Londen te festigjen. It slagge him, nettsjinsteande har heit syn betingsten yn ferbân mei har âldens, Laura as learlinge oan te nimmen.
Rillegau frege er har om syn frou te wurden. Sy trouden yn july 1871. Sy krigen gjin bern, mar it wie in lokkich houlik en Laura naam de soarch fan Lourens syn bern op de noed, Laurence en Anna. It pear organisearre in protte jûnen foar freonen en kollega's yn harren atelier.
Laura die bliken in bejeftich skilderesse te wêzen en har ûntjouwing ferrûn flot. Har styl like op dy fan har man, mar har kar fan ûnderwerpen wie bot ferskillend: Sy makke foaral sjenrestikken mei froulju en bern yn in 17e-iuwske Nederlânske setting.[2]
Laura har earste grutte súkses hie hja op de Parysk salon fan 1873. Fan doe ôf oan eksposearre hja ek wurken by de Royal Academy of Arts, de Grosvenor Gallery en oare galerys yn Londen. Yn 1878 waard wurk fan har útstald op de Wrâldtentoanstelling yn Parys, dêr't hja ien fan mar twa Ingelske frouljus eksposanten wie. Fierders publisearre hja út en troch yllustraasjes foar ûnder oaren it English Illustrated Magazine. Teffens wie hja model foar har man (sa as yn The Women of Amphissa, 1887) en oare keunstners.
Ta har oantins wie der 1910 in útstalling fan har wurk yn de Fine Art Society.
Wurk (karút)
bewurkje seksje- Always Welcome, mei in bern oan it siikbêd fan har mem, Russell-Cotes Art Gallery & Museum, Bournemouth
- Ruin (and children), Italjanisearjend tafriel - Russell-Cotes Art Gallery & Museum, Bournemouth
- Hawking - Medieval - Bury Art Museum
- Mama's chair (1873; Opus V; plak ûnbekend)
- Sweet Industry (1904), wevende froulju - Manchester Art Gallery
- George Eliot (tekene portret, 1877) - National Portrait Gallery (Londen)
-
With a Babe in the Woods, om 1880. Brooklyn Museum
-
Queen Katherine of France, 1888
Literatuer
bewurkje seksje- Rosmary J. Barrow: Lawrence Alma-Tadema, Phaidon Press, Londen 2003, ISBN 0-7148-4358-X
- Edwin Becker: Sir Lawrence Alma-Tadema, Rizzoli, New York 1997, ISBN 0-8478-2001-7
- Vern G. Swanson: The biography and catalogue raisonné of the paintings of Sir Lawrence Alma-Tadema, Garton & Co, Londen 1990, ISBN 0-906030-22-6
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Obituary - Lady Alma Tadema
- (in) The New York Times - Lady Alma-Tadema died
- Biografy en ôfbylden op Arts Renewal Centre
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Laura Theresa Alma-Tadema fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |