Laura van den Berg

Laura van den Berg (1981) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen. Hja is fan etnysk Nederlânsk komôf.

Laura van den Berg
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Laura van den Berg
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1981
berteplak ? (Floarida)
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen
prizen O. Henry Award 2014
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
lauravandenberg.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Van den Berg is hikke en tein yn 'e Amerikaanske steat Floarida, dêr't hja wenne oant har twaentweintichste. Neitiid studearre se oan it Emerson Kolleezje yn Boston, dêr't se in masterstitel yn 'e skiene keunsten behelle. Van den Berg wennet noch altyd yn Boston, en wurket as dosinte kreätyf skriuwen oan ferskate skoallen en ynstituten, wêrûnder it Emerson Kolleezje en de George Washington Universiteit yn Washington, D.C.

Yn 2009 brocht Van den Berg ûnder de titel What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us har earste ferhalebondel út, dy't bysûnder goed ûntfongen waard, en har û.m. in Pushcart Prize besoarge. In twadde bondel fan har kaam yn novimber 2013 út ûnder de titel The Isle of Youth, mei op 'e nij tige loovjende kritiken. Diskear smiet har wurk har in O. Henry Award foar koarte ferhalen op. Van den Berg har ferhalen ferskynden ek yn ferskate tydskriften. Har earste roman, Find Me, brocht se yn febrewaris 2015 út. Dêrmei wûn se in Jeannette Haien Ballard Writer’s Prize, dêr't in jildbedrach fan $25.000 oan ferbûn is.

  • 2009 – What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us (ferhalebondel)
  • 2013 – The Isle of Youth (ferhalebondel)
  • 2015 – Find Me (roman)

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2010 The Story Prize nominearre bêste koarte fiksje What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us
Frank O'Connor International Short Story Award nominearre bêste koarte fiksje What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us
Pushcart Prize wûn bêste koarte fiksje What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us
2014 Frank O'Connor International Short Story Award nominearre bêste koarte fiksje The Isle of Youth
American Academy of Arts and Letters Rosenthal Family Foundation Award wûn bêste koarte fiksje The Isle of Youth
O. Henry Award wûn bêste koarte ferhaal Opa-Locka
2015 Jeannette Haien Ballard Writer’s Prize wûn bêste roman Find Me

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.