Laurence Sterne
Laurence Sterne (Clonmel (Tipperary, Ierlân), 24 novimber 1713 - Londen, 18 maart 1768) wie in Ingelsk-Iersk romanskriuwer en Anglikaansk geastlike, fral ferneamd fan syn romans The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman en A Sentimental Journey Through France and Italy, mar hy publisearre ek in soad preken, skreau syn memoires en wie belutsen by lokale polityk. Sterne stoar yn Londen nei't er jierrenlang oanhelle wie mei tuberkuloaze.
Twa grutte wurken
bewurkje seksjeSternes ferneamdste wurk is Tristram Shandy dat yn 9 dielen ferskynde tusken 1759 en 1767. It boek wie fuortendaliks in súkses en festige Sterne syn namme yn literêre en societyfermiddens.
1768 ferskynde it ek súksesfolle reis- en avontuereferhaal A Sentimental Journey Through France and Italy. De titel fan dat boek late ta it ûntstean fan de term sentimintalisme, in literêre streaming in de preromantyk.
Sternes ferneamdens wie foar it grutste part te tankjen oan dy twa boeken. Dat hie fan gefolgen dat ek oar wurk fan him mear omtinken krige. Nettsjinsteande syn frijwat lyts oeuvre moat syn ynfloed op de ûntjouwing fan de Ingelske enek Jeropeeske romankeunst net ûnderskat wurde. Benammen syn technyk fan skriuwen yn 'Tristram Shandy' wie in foarrinner fan de lettere 'stream of consciousness', sa't dy útwurke waard troch James Joyce yn syn boek Ulysses.
Oar wurk
bewurkje seksje- Sermons of Mr. Yorick (preken fan Sterne yn 7 dielen, ferskynd tusken 1760 en 1769
- Journal to Eliza (yn de 19e iuw ûntdutsen, no bekend ûnder de titel Bramine's Journal)
- History of a watchcoat (1769; in ferzje fan A Political Romance)
- Letters of Yorick to Eliza (1775 - 1779)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- The Life and Opinions of Tristram Shandy & A Sentimental Journey. Munchen: redaksje Günter Jürgensmeier, 2005
- Tristramshandyweb.it: The Tristram Shandy Web – Edysje mei noaten fan "Tristram Shandy", yn hypertekst formaat; mei bibliografy en kritiken
- Laurence Sterne Resource
- Laurence Sterne by Google Books Search
- Laurence Sterne yn de National Portrait Gallery, London