In leafbeam is in beam wêrfan't de blêden in brede platte foarm hawwe, yn tsjinstelling ta de nullen fan nullebeammen, dy't in tinne en langwerpige sylinderfoarm hawwe, of as skobben foarme binne. Oars as de nullebeammen hearre leafbeammen ta de bedutsensieddigen of blomplanten (Angiospermae).

Hjerstmis ferkleurje de blêden fan leafbeammen.

In oar ferskil mei de measte nullebeammen is dat leafbeammen yn tuskenbeiden klimaatsônes hjerstmis harren blêden falle litte nei't se der safolle mooglik fiedingsstoffen (wêrûnder blêdgrien) oan ûntlutsen hawwe (dêrfandinne it ferkleurjen fan 'e blêden). Sokke leafbeammen oerwinterje dan as keale beam en kinne oant de maityd, as se nij blêdte ûntwikkelje, gjin glukoaze produsearje. Yn tropyske gebieten ferlieze guon soarten leafbeammen harren blêd yn it drûge seizoen. Troch it opjaan fan 'e blêden wurdt de ferdamping sterk beheind, wat benammen tige wichtich is as de grûn beferzen is en de beam sadwaande gjin nij wetter út 'e boaiem opnimme kin.

Foarbylden fan leafbeammen dy't yn Fryslân foarkomme, binne de iik, bjirk, esk, yp, eskdoarn, bûk, els, popelier, kastanjebeam, linebeam en haachbûk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.