Leagenbollepop (offisjeel Leugenbollepop) is in muzykfestival op It Plein yn Makkum dat sûnt 1990 hâlden wurdt yn augustus.

Eltsenien dy't wol kin in mikrofoan krije om mei te sjongen mei in band. Leafst minsken dy't har debút meitsje. De fêste band ferdwûn nei in pear jier en dêrnei dienen der meardere bands mei. Der is frije opjefte wêrby't de dielnimmer bepaald wat der songen wurdt. De stilen binne sadwaande ferskaat, fan heavy-metal en rappen oant country. Anneke Douma, Jan Ykema en French Connection wienen bekende gasten. It is troch de jierren hinne hieltiten strakker organisearre, al draait it festival op frijwilligers. Yn 2009 waard it 20-jierrich bestean fierd. As superbands spilen yn 2009 Gaivs, Wymaroo en wienen der vocals en in blazersseksje.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: