Leendert fan der Cooghen
Leendert fan der Cooghen (1632 – 1681) wie in Nederlânsk tekener, skilder en printmakker. Hy arbeide fral yn Haarlim.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy wie in telch út in begoedige Haarlimske famylje en hie sadwaane genôch jild om it skilderjen as leafhawwerij te beöefenjen, hu hoechde er net fan te libjen. Der wurt wol tocht dat er yn 't foarste plak tekene om himsels en syn freonen te fermeitsjen.[1] Dat is wierskynlik ek de reden wêrom't er net safolle wurken makke hat om ek bûten Haarlim bot bekend te wurden.[2] Hy krige syn oplieding by Jacob Jordaens.[3] Hy wie in goefreon fan Cornelis Bega en wenne yn de Schagelstraat yn Haarlim, dêr't er bekend wie as "omke Leendert". [2]
Fan der Cooghen wie befreone mei de Haarlimske skilder Vincent fan der Vinne. Van der Vinne brûkte in tekening dy't Fan der Cooghen fan Fan der Vinne makke hie yn in fanitasstillibben mei in selsportret fan Van der Vinne.[4]
Wurken
bewurkje seksjeHy makke fral tekeningen, in stikmannich etsen en skilderijen. It soe kinne dat er ferantwurdlik wie foar de yntroen dt'tduksje yn Haarlim fan de wize fan tekenjen sa't Rubens en Jordaens it diene en dy't bestie in kombinaasje fan read en swart kryt, soms op donker paper. Hy brûkte hast nea in pinne. De ûnderwerpen fan syn wurk binne lânskippen, portretten, sjênrefoarstellingen en figueren.
Gallery
bewurkje seksje-
Portret fan in jongkeardel, faaks in selsportret
-
Oanbidding fan de harders
-
Búste fan in jonge
-
Constance ûntfierd troch sigeuners
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leendert fan der Cooghen fan Wikimedia Commons. |