Leonardus Jacobus Anthonius Trip (Utert, 20 novimber 1876 - De Haach, 5 maart 1947) wie presidint fan De Nederlandsche Bank fan 1931 oant 1946, útsein de jierren 1941-1945.

Mr. L.J.A. Trip

Leonardus Trip studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Utert en gie dêrnei oan it wurk by it Ministearje fan Finânsjes dêr't er yn 1916 Anton van Gijn opfolge as tesaurier-generaal. Yn 1918 wegere er in oanbod om yn it kabinet-Ruijs de Beerenbrouck I minister fan finânsjes te wurden.

Yn 1923 naam Trip de funksje fan direkteur fan de Javasche Bank yn Batavia (Nederlânsk-Ynje) oan en in jier letter waard er foar fiif jier beneamd ta presidint fan dy bank.

Werom yn Nederlân waard Trip ûnder minister fan Finânsjes Dirk Jan de Geer yn 1931 presidint fan De Nederlânske Bank. Yn it begjin fan de Dútske besetting bleau er oan yn de funksje, mar yn maart 1941 naam er dochs ûntslach doe't de Dútskers drigen mei it opheffen fan de devizengrins.

Nei de oarloch waard er 7 maaie 1945 wer beneamd ta presidint fan De Nederlânske Bank. Op 30 april 1946 joech er mei 69 jier dy funksje oer om reden fan âldens. Krapoan in jier letter stoar Trip yn De Haach.

Trip wie ek in bejeftige tennisser. 1900 waard er tegearre mei Carel Ridder van Rappard Nederlânsk kampioen yn het hearen dûbelspul. Twa jier letter waard er mei Anthonie van Aken Nederlânsk kampioen yn it mingd dûbelt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje