Les Éditions de Minuit

Les Éditions de Minuit (útspr.: [lɛz edi'ʃõ də mi'nwi]), dat oerset wurde kin as "Utjouwerij Midsnacht", is in Frânske útjouwerij dy't oarspronklik oprjochte waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch, as in drukkerij fan it Frânske ferset. Nei de oarloch wist dit bedriuw him ta ien fan 'e meast foaroansteande útjouwerijen fan Frankryk te ûntjaan.

Les Éditions de Minuit
algemien
nasjonaliteit Frânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Parys (Frankryk)
oprjochte 1941
oprjochter Jean Bruller en
Pierre de Lescure
offisjele webside
www.leseditionsdeminuit.fr

Les Éditions de Minuit waard ûnder de Dútske besetting fan Frankryk yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1941 yn Parys oprjochte troch skriuwer en yllustrator Jean Bruller en skriuwer Pierre de Lescure. Doedestiden stiene alle legale útjouwerijen ûnder kontrôle fan 'e besetter, en alle útjeften waarden sinsurearre. Om dy sinsuer te omsilen, fungearre Les Éditions de Minuit ûndergrûnsk oant de befrijing fan Parys op 25 augustus 1944. It wie hachlik wurk, want de skriuwers en drukkers riskearren sûnder mis finzenskip en mooglik sels de deastraf as se pakt waarden. De earste publikaasje fan 'e útjouwerij wie Le Silence de la Mer ("De Stiltme fan 'e See"), skreau troch Bruller sels. Oare skriuwers dy't ûnder de besetting wurk by Les Éditions de Minuit útbrochten, wiene bygelyks François Mauriac, Paul Éluard, Louis Aragon en André Gide. De distribúsje fan sokke klandestine boeken gie fan hân ta hân.

Nei de oarloch, doe't de útjouwerij foar it earst iepentlik operearje koe, wie Les Éditions de Minuit ien fan 'e mar in pear yllegale drukkerijen dy't mei súkses in trochstart meitsje koe, al wie it bedriuw de earste jierren finansjeel ynstabyl. Fan 1947 oant syn dea yn 2001 hie Jérôme Lindon de lieding oer de útjouwerij yn 'e hannen, wêrnei't er opfolge waard troch syn dochter Irène Lindon. Pas yn 'e jierren fyftich krige Les Éditions de Minuit de wyn yn 'e seilen, en publisearre it bedriuw wurken fan auteurs as Claude Simon, Marguerite Duras en Robert Pinget. It brocht yn 1958 ek La Question fan Henri Alleg út, in fan oerheidswegen sinsurearre wurk wêryn't it gebrûk fan foltertechniken troch it Frânske leger yn 'e Algerynske Oarloch (1954-1962) oan 'e kaak steld waard.

Yn 'e santiger en tachtiger jierren sette de útjouwerij syn súkses fuort mei in nije generaasje skriuwers, wêrûnder Jean Echenoz, Jean Rounaud, Marie NDiaye, Patrick Deville, Éric Chevillard en letter ek Laurent Mauvignier en Julia Deck. Yn syn skiednis wûn Les Éditions de Minuit fia de auteurs fan syn útjûne wurke twa kear de Nobelpriis foar de Literatuer (mei Samuel Beckett en Claude Simon) en withoefolle oare prizen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.