Letterkast

In letterkast is in laad dêr't fakken yn oanbrocht binne foar it opbergjen fan hânletters. Nei it útfinen fan de boekdrukkeunst binne der twa ferskillende kasten: de boppekast foar haadletters en de ûnderkast foar de lytse letters. Op de bok wurdt de boppekast op de ûnderkast pleatst. Yn de tweintichste iuw waarden de boppe- en ûnderkast gearfoege yn de trijefearnskast.

In bok mei in iepensteande letterkast