Leksikon fan Nederlânske Byldzjende Keunstners 1750-1950
It Leksikon fan Nederlânske Byldzjende Keunstners 1750-1950 is in standertwurk mei op alfabet oardere keunstners út it neamd tiidrek. It neislachwurk jout in beheinde biografy en in beskriuwing fan it wurk fan de keunstner. It waard makke en útjûn troch de Haachske keunsthanneler Pieter Scheen en is net allinne ûnder beropsminsken (keunsthannelers, taksateurs, feilingmasters, ensafuorthinne), mar ek ûnder keunstleafhawwers en samlers in begryp wurden.
De earste edysje ferskynde 1946 ûnder de titel Honderd jaar Nederlandsche Schilder- en Teekenkunst, goed tweintich jier letter folge troch it standertwurk yn twa dielen.
Bibliografyske feiten
bewurkje seksjePieter Scheen, gearstaller en útjouwer, Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950, De Haach, 1969, ISBN 90-6522-014-3.