Liberaal-Sosjalistyske Beweging
De Liberaal-Sosjalistyske Beweging (LSB) wie in Nederlânske politike beweging.
De beweging ûntstie yn 1935 út it Bond tot Hervorming van den Grondeigendom. Oprjochter wie Chris Verwey (1866-1944), in broer fan dichter Albert Verwey.[1] Chris Verwey wie haadboekhâlder en akkountant by de Algemeene Maatschappij van Levensverzekering en Lijfrente. Chris Verwey wie ek útjouwer en redakteur fan De Uitweg, it orgaan fan de Liberaal-Socialistische Beweging dat alle moannen tusken 1936 en 1940 ferskynde. Neist artikels oer ekonomyske kwestjes, lânnasjonalisaasje en ynlânske kolonisaasje skreau er oer single tax.[2][3][4] Yn 1941 ferskynde syn De uitweg uit den socialen nood dêr't er yn skreau oer fjouwer sosjaal-ekonomyske kearnproblemen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|