'Lik op stik' is in Fryske single út 2002 fan it duo Ferbean. It komyske nûmer giet oer in 'wyldmiger' dy’t bestraffe wurdt at er út de kroech komt.[1] It nûmer waard útjûn yn eigen behear. Yn 2003 ferskynde de CD ‘Lik op stik’.[2] It nûmer kaam yn 2003 binnen op it tsiende plak fan de Fryske Top 100.

It duo Ferbean bestiet út Anko Bouma út Warten en Bertus Klazinga út Feanwâlden.[3]

  • Lik op stik (Apres Midi FRBN 0303)
Te hearren op
  • Fryslân muzyklân ; vol.5 Marista MCD 7101 (CD, 2004)
  • Altyd wat; Apres Midi AM FAW07 (CD 2007)
  • It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân; vol.2 Marista MCD7359 (CD 2007)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: