Lilongwe is de haadstêd fan Malawy. Yn 2009 hie de stêd goed 900.000 ynwenners; en de befolking groeit hurd.

Lilongwe
Bestjoer
Lân Malawy
Regio Sintrale regio
Distrikt Lilongwe
Sifers
Ynwennertal 902,388 (2009)
Hichte 1050 m
Oar
Stifting 1906
Tiidsône Sintraal Afrikaanske Tiid, CAT (UTC+2)
Koördinaten
Lizzing Lilongwe yn Malawy
(blau=Malawymar)

Lilongwe leit yn it midden fan it lân op in heechflakte, bewesten de Malawymar, tichteby de Lilongwerivier en oan de grutte noard-súd dyk fan Malawy, de M1.

De stêd hat in lânbouhegeskoalle.

Befolkingsgroei

bewurkje seksje
Jier Befolking[1]
1977 98,718
1987 223,318
1998 435,964
2008 866,272
2009 902,388

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Yn it ferline wie Lilongwe mar in doarpke oan de ouwers fan de rivier Lilongwe. It waard formeel yn 1906 stifte. Begjin 20e iuw waard it in koloniaal administratyf sintrum fan de Britten. Troch de lizzing oan de wichtige noard-súd ferbining groeide it plak hurd en waard rillegau de twadde stêd fan Malawy, nei Blantyre. Yn 1975 waard Lilongwe haadstêd fan Malawy yn it plak fan Zomba. Hoewol't Lilongwe it politike sintrum fan it lân is, is de stêd Blantyre ekonomysk fan grutter belang bleaun (tabaksfeiling).

 
Ambachtsprodukten op in merk yn Lilongwe

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. World Gazetteer: Malawi: largest cities and towns and statistics of their population