Lily Donaldson (Londen, 27 jannewaris 1987) is in Britsk model.

Lily Donaldson yn 2012.

Lily Donaldson is de dochter fan fotograaf Matthew Donaldson. Heit en mem Tiffany binne wilens út elkoar. Yn 2003 waard hja ûntdekt troch immen fan it Britske modelleburo Select Model Management doe't sy yn Londen te winkeljen wie.

Donaldson waard ien fan de meast bekende Britske modellen en wurke foar ferneamde moadeûzen sa as Burberry, Dior, Dolce & Gabbana en Jill Sander. Yn 2005 waard se nominearre as model fan it jier by de British Fashion Awards. Dy titel gie doe lykwols nei Karen Elson.

Yn maaie 2008 waard bekend dat Donaldson US$2.2 miljoen útjûn hat foar in apartemint mei twa sliepkeamers oan Tompkins Square Park yn New York.[1]

Donaldson is freondinne mei har kollega's Freja Beha, Gemma Ward en Irina Lazareanu.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beauty on Avenue B! Vogue Cover Girl Drops $2.2 M. for Two-Bedroom Co-op, The New York Observe
  2. Lily Donaldson - Model Profile, 3 desimber 2007, nymag.com