Linda Terpstra
Linda Terpstra is berne op Kurasao yn 1955.
Bernetiid en oplieding
bewurkje seksjeLinda hat ferskate opliedingen folge. Sy begûn mei de learare-oplieding sûnenskunde en biology. Dêrnei folge sy de oan de Ryksuniversiteit Utert Sosjale Pedagogyk. Se begûn har wurk as dosinte op it MBU, dat se fiif jier lang die. Letter wurke se acht jier as ûndersykster oan ferskate universiteiten.
Karriêre en neilittenskip
bewurkje seksjeYn 1998 hat se tegearre mei Anke van Dijke it bedriuw Terpstra & van Dijke oprjochte. It bedriuw is aktyf op it mêd fan ynterim- of feroaringsmanagement, ûndersyk en ynnovaasje.
Linda Terpstra hat tegearre mei Anke van Dijke in frouljusopfang oprjochte. De namme fan dy opfang waard yn 2007 feroare yn Fier!. Fier! is in frouljusopfang foar bern, jonge fammen en folwoeksen froulju dy‘t te krijen hân hawwe mei seksueel misbrûk en ferskate oare trauma’s hawwe en/of in minne thússituaasje hân hawwe. By Fier! wurdt derfoar soarge dat de froulju wer fier (grutsk) op harsels en fertrouwen yn harren takomst krije en dat se wer feilich en gelokkich fierder oan harren takomst wurkje kinne.