Linus Torvalds
Linus Benedict Torvalds (Helsinki, 28 desimber 1969) is in Finsk-Amerikaansk ynformatikus, dy't it meast bekend is fanwege de inisjele ûntwikkeling fan de Linux-kearn en dêr tsjintwurdich ek noch koördinator fan is.
Libbensrin
bewurkje seksjeTorvalds is in soan fan de sjoernalisten Anna en Nils Torvalds, dy't him nei Linus Pauling neamden. Hy heart ta de Sweedsksprekkende minderheid yn Finlân, mar wennet anno 2008 yn de Feriene Steaten en hat him yn 2010 naturalisearje litten ta Amerikaansk steatsboarger.[1]
Hy is ferantwurdlik foar it ûntstean fan de Linux-kearn en brocht dêrmei de frije-programmatuer-beweging foar it earst ûnder de oandacht fan in grut publyk. Yn 1991 kundige hy de beskikberheid fan syn Free Minix-like kearn foar it earst oan. Syn kearn wie in oanfolling fan it GNU-projekt, dêr't noch ien kearn fan miste - dêrfoar wie destiids, en no noch altiten De Hurd pland.
Minder as 5% fan de hjoeddeiske koade fan de Linux-kearn is fan syn hân, mar Torvalds wurdt noch wol troch eltsenien sjoen as dyjinge dy't it bêst beslisse kin hokker koade al/net yn Linux terjochte komt. Sa wurdt foarkommen dat der in nije ôfsplitsing fan de Linux-kearn ûntstiet en ferspraat wurdt, ek al is dat juridysk sjoen mooglik ûnder de GPL-lisinsje.
Torvalds sjocht Linux as in hobby; hy hie oant juny 2003 in fulltime baan by Transmeta en sûnt dy datum by OSDL, no oppgien yn The Linux Foundation. As immen frege wat hy by Transmeta krekt die, dan wie it antwurd "cool stuff" of gewoan "stuff". Grif sil hy oan in compiler wurke ha foar in nije (sintrale)ferwurkingsienheid. Dêrneist mocht hy fan Transmeta ek yn kantoaroeren oan Linux wurkje.
Torvalds hie gjin beswier tsjin it skriuwen fan propriëtêre programma's bij Transmeta. Foar him komt technyk op it earste plak en de iepenheid en frije beskikberheid is foar him allinnich in metoade de programma's better te meitsjen. Hy heart dêrmei ta de pragmatyske iepen-boarne-beweging en net ta de frije-programmatuer-beweging (benammen laat troch Richard Stallman en it GNU projekt) dy't it benammen te dwaan is om frijheid.
Om by Transmeta wurkje te kinnen ferhuze Torvalds fan syn heitelân nei Silicon Valley. Mei syn frou Tove Monni hat hy trije bern, dy't hy faak meinimt nei Linux-kongressen. Hy hâldt him meastal ôfsidich fan fûle diskusjes oer programmalisinsjes.
Transmeta wie yntinsyf dwaande 386+-processors nei te meitsjen, en Torvalds hie dêr by it starten fan syn Linux-projekt in útwreide stúdzje nei dien. Hy hie benammen ûnderfining mei de programma-aspekten derfan, en om't Transmeta as emulaasjemakker tige op programmatuer rjochte wie, koe Torvalds in soad bydrage. Yn syn autobiografy seit hy dat hy bygelyks de earste tiid benammen dwaande wie mei in x86-emulator te skriuwen.
Yn 2001 skreau Torvalds mei help fan David Diamond in autobiografy mei in wat humoristyske ûndertoan.
Om better oan de Linux-kearn wurkje te kinnen hat Linus in programma mei de namme Git skreaun (soks as ferfanging fan it programma Bitkeeper dat er oant dan brûkte).
Erkenning
bewurkje seksjeOp 20 april 2012 waard Torvalds útroppen ta ien fan de twa winners fan de Millennium Technology Prize[2]. De oare winner wie Shinya Yamanaka[3]. De priis wurdt wol beskreaun as de Nobelpriis fan de Technology. Ek yn 2012 waard Torvalds troch de Internet Society eare foar syn bydrage oan it Ynternet troch him op te nimmen yn de Internet Hall of Fame.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|