Liselore Gerritsen

Liselore Gisbertha Ilse Margaretha Gerritsen (Wichmond, 14 oktober 1937 - Woubrugge, 25 novimber 2020) wie in Nederlânske sjongster en skriuwster.

Liselore Gerritsen
Liselore Gerritsen (1982)
Liselore Gerritsen (1982)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Liselore Gisbertha Ilse Margaretha Gerritsen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 oktober 1937
berteplak Wichmond
stoarn 25 novimber 2020
stjerplak Woubrugge
wurkpaad
berop/amt Skriuwer
Sjongeres

Libben en wurk

bewurkje seksje

Gerritsen begûn har karriêre yn har studintetiid yn Leiden. Paul van Vliet en Floor Kist, beide ek Leidske studinten, hearden har sjongen yn in kafee, en fregen har oft se meiwurkje woe oan it troch harren oprjochte Leidsch Studenten Cabaret. Mei dy groep spile se yn dy jierren mei in soad sukses sawol yn Nederlân as oer de grinzen.

Letter troude se mei Paul van Vliet en tegearre mei Ferd Hugas, Judith Bosch en de pianist Rob van Kreeveld rjochten se yn De Haach Teäter PePijn op. Hoewol't oarspronklik in pakhûs, ferbouden se it ta in lyts teäter mei 110 plakken. Gerritsen fertelde letter oer dy perioade: Alle jûnen útferkocht, nea foar seis oere moarns op bêd! We diene alles sels: optrede, de kofje, de bar nei de foarstelling en as de minsken einlings fuort wiene, ôfwaskje en skjinmeitsje. In blide tiid, in dream dy't útkaam.

Foar de teäterprogramma’s dy ’t se yn PePijn opfierden (Oh pardon, Opus 2, Dag en Nacht en Opus 4) skreau Paul van Vliet foar in grut part de teksten. Yn Opus 4 folle Gerritsen de foarstelling oan mei eigen wurk (op muzyk set troch Rob van Kreeveld), wat úteinlik resultearje soe yn har earste elpee: Liselore zingt Liselore. Se ûntfong der "De Trap" foar, in oanmoedigingspriis foar in hiel soad nij kabarettalint. Mei it ferske Laat de kindertjes tot mij komen, wûn sy it Relipopfestival. Yn de jierren dêrnei brocht se noch twa lp’s út: Liselore mei in soad komposysjes fan Herman van Veen en Sta even stil, mei muzyk fan Jan Hollestelle.

Nei seis jier hold kabaretgroep PePijn (1964-1970) op te bestean, mar teäter Pepyn bleau en levere sadwaande in wichtige bydrage oan it Nederlânske kabaret. Under oaren Youp van 't Hek, Hans Liberg, Herman Finkers en Jack Spijkerman spilen dêr harren earste foarstellingen.

Nei it opheffen fan kabaret Pepijn makke se diel út fan it teäterprogramma: Namens Jacques Brel, mei ûnder oaren Henk van Ulsen, en trede se op yn it foarprogramma fan Een avond aan zee fan Paul van Vliet yn it Curhaustheater út Dútslân. Ramses Shaffy wie yn de seal en frege har nei ôfrin mei him gear te wurkjen. Dy gearwurking late ta de foarstelling Ramses en Liselore, dy't yn totaal sa'n tachtich kear opfierd waard. Yn de jierren dêrnei spile se ûnder oare in seizoen yn Cherchez la femme, mei ûnder oaren Della Bosiers en fioelist Christiaan Bor, en in seizoen yn de foarstelling 7, mei ûnder oaren Judy Schomper en Louis van Dijk. Hja miste lykwols de tiid yn Pepyn en gie dêrom wer har meiwurking oan PePijn-produksjes: Klein Concert 1, 2, 3 en 4. De opset fan dy foarstellingen wie dat Liselore, sprutsen of songen, in ferhaal fertelde, begelaat troch twa of trije musisy. In pear nammen yn dit ramt binne: Laurens van Rooyen, Harry Sacksioni, Ben van der Linden, Martijn Alsters en Nils Walen.

Ruud Jacobs, yn dy tiid produsint by platemaatskippij CBS, hearde Liselore by ien fan de Klein Concert-foarstellingen, wat resultearre yn gearwurking foar twa elpees: Ik heb het tegen jou en Oktoberkind, en yn in houlik (Gerritsen wie yntusken skieden fan Paul van Vliet). In seleksje teksten fan dizze en oare elpees waard letter opnaam yn twa bondels: Je kunt niet alles hebben en Het jaar van de Kaapse viool.

Fan de jierren 80 ôf sjoech Gerritsen in oar paad yn: se soe lêzingen en foardrachten jaan, út eigen wurk. Hoewol't dat har goed befoel, naam se yn 2004 dochs wer in cd op: Liselore NU, mei muzyk fan Bart Wolvekamp.

Liselore Gerritsen wie troud mei bassist en produsint Ruud Jacobs. Earder hat hja troud west mei kabaretier Paul van Vliet.

  • Peter de Waard, "Kleinkunstenares die niet van showbizz hield; Liselore Gerritsen 1937-2020", yn: De Volkskrant, 2 desimber 2020, s. 23
  • 1969 - Liselore Zingt Liselore - 12"LP - PHILIPS - 849 001 PY
  • 1971 - Liselore - 12"LP - PHILIPS - 6423 031
  • 1975 - Sta Even Stil - 12"LP - PHILIPS - 6413 065
  • 1978 - Ik Heb Het Tegen Jou - 12"LP - CBS - S 82884
  • 1982 - Oktoberkind - 12"LP - UTOPIA - 6399 380
  • 1988 - Liselore - CD - PHILIPS - 834 574 2
  • 2000 - De IJssel - CD - MERCURY - 548 412 2
  • 2004 - Liselore Nu - Liedjes & Teksten Van Liselore Gerritsen - CD - CHALLENGE - DRPL 75188
  • 1969 - Mijn Kermisland / Naakt - 7"single - PHILIPS - JF 336 043
  • 1970 - Laat De Kindertjes Tot Mij Komen / Als Het Stormt - 7"single - PHILIPS - 6012 073
  • 2001 - Een Klein Gebed ~ Wie - CDS - PINK - JVO 690018
  • 1982 - Oktoberkind - Teksten - VILLA - 90 269 6503 6
  • 1985 - Alles Op Z'n Tijd - Nieuwe Teksten - AGATHON - 90 269 7054 4
  • 1988 - De Dood En Het Meisje - AGATHON - 90 269 5135 8
  • 1991 - Je Kunt Niet Alles Hebben - DE FONTEIN - 90 261 0516 9
  • 2004 - Liselore Nu - Liedjes & Teksten Van Liselore Gerritsen - CHALLANGE - 978 90 77204 05 4

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: