List fan Osmaansk-Fenesiaanske Oarloggen
Op dizze list fan Osmaansk-Fenesiaanske Oarloggen of ek wol Turksk-Fenesiaanske Oarloggen steane konflikten tusken de histoaryske steat Republyk Feneesje en it eartiidske Osmaanske Ryk:
- Krústocht fan Nikopolis (1396), in krústocht tsjin it Osmaanske Ryk, dêr't de Republyk Feneesje oan dielnaam
- Earste Egeyske See-oarloch (1415-1419) – it Osmaanske Ryk ferliest de behearsking oer de Egeyske See
- Twadde Egeyske See-oarloch (1423-1430) – Feneesje ferliest de behearsking oer de Egeyske See en Tessaloniky wurdt ferovere troch it Osmaanske Ryk
- Earste Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1463-1479) – Euboea (Italjaansk: Negroponte), Lemnos en Albaanje ferovere troch it Osmaanske Ryk
- Twadde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1499-1503) – de measte Fenesiaanske koloanjes op 'e kust fan 'e Peloponnesos ferovere troch it Osmaanske Ryk
- Tredde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1537-1540) – de Sykladen, de Sporaden en de lêste Fenesiaanske koloanjes op 'e kust fan 'e Peloponnesos ferovere troch it Osmaanske Ryk
- Fjirde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1570-1573) – Syprus ferovere troch it Osmaanske Ryk
- Kretinzyske Oarloch of de Fyfde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1645-1669) – Kreta ferovere troch it Osmaanske Ryk
- Moreaanske Oarloch of de Sechsde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1684-1699) – de Peloponnesos (Italjaansk: Moreä), Lefkada, Aigina en dielen fan Dalmaasje ferovere troch de Republyk Feneesje
- Sânde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch of de Twadde Moreaanske Oarloch (1714-1718) – de Peloponnesos, Lefkada en Aigina werovere en Tinos (de lêste Fenesiaanske besitting yn it gebiet fan 'e Egeyske See) ferovere troch it Osmaanske Ryk