Little Village
Little Village wie in Amerikaanske rockband dy't lansearre waard as superband fanwegen de bekende artysten dy't der yn spilen yn 1991. De band dy't mar ien jier aktyf wie, hat ek mar ien studio-album útbrocht en hat ien toernee dien dêr't in live-album fan ferskynde.
Little Village | ||
band | ||
Nick Lowe en Ry Cooder yn 1992 op toernee mei Little Village | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | rock | |
bestean | 1991 – 1992 | |
label(s) | Reprise | |
leden | ||
Sang | John Hiatt | |
Gitaar | Ry Cooder | |
Bas | Nick Lowe | |
Drums | Jim Keltner |
Little Village bestie út John Hiatt (sang), Nick Lowe (basgitaar), Ry Cooder (gitaren en sang) en Jim Keltner (slachwurk). De groep waard yn 1992 foarme neidat deselde artysten gearwurke hiene yn de studio foar it solo-album "Bring the Family" fan John Hiatt. De band brocht net it sukses dat de artysten ferwachte hienen. Nei it promoasjetoernee foar de CD "Little Village" waard de band yn it oprjochtingsjier al wer opdoekt. Fan it optreden yn it Arie Crown Theatre waard in dûbel-CD útjûn mei as titel "Stage Job".
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-album
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Little Village | 18 febrewaris 1992 | Reprise | Solar Sex Panel, Don't Go Away Mad, She Runs Hot |
Live-album
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn | Label |
---|---|---|
Stage Job | 1992 | The Swingin' Pig Records |