Lizzer (register)
In lizzer is (fan oarsprong) in boekwurk dêr’t in register yn byholden wurdt fan:
- te barren fêste ynkomsten
- foar ûnbepaalde tiid fêstleine gegevens oangeand ûnreplik guod
De bekendste lizzer is de kadastrale lizzer fan it Kadaster, dat meastentiids Iepenbier register neamd wurdt. Ek gemeenten en wetterskipen hâlde lizzers, mei dêryn respektivelik de diken (de dikelizzer en de oerflaktewetters (de wetterlizzer).
De lizzer registrearret fan wa’t in perseel, dyk of wettergong is en wa’t dy ûnderhâldt. Faak wurde de eigenskippen ek registrearre, lykas de breedte en soarte ferhurding fan de dyk of it profyl fan in wettergong. By in lizzer heart gauris ek in stelsel kaarten, dêr’t de behearde objekten op yntekene binne. Yn de Wetterwet is sûnt 2009 in spesifike ferplichting opnommen om in lizzer (de wettersysteemlizzer) op te stellen foar alle wettersteatswurken.
Modernee lizzers binne digitalisearre dêr’t faak in geografysk ynformaasjesysteem by brûkt wurdt.
Beneamings
bewurkje seksjeIt wurdt lizzer is ôflaat fan fêstlizze yn de betsjutting registrearje.
Ferâldere terms binne dykrôle en synsboek.
In dykrôle wie oarspronklik in rôle papier, dêr’t de dyk op ôfbylde wie, mei dêrop de ferdieling fan wat eltse himgenoat ûnderhâlde moat. Om eigenwille foar te kommen wie de ferdieling troch lotsjen útmakke. Letter waard de rôle troch in boekje ferfongen.